VOOZH about

URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/SC_Veendam

⇱ SC Veendam - Wikipedy


Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
SC Veendam
👁 Stadion De Langeleegte
Stadion De Langeleegte
Oprjochte22 maaie 1974
Opheft25 maart 2013
PlakFeandam
StadionDe Langeleegte
Kapasiteit6.500
Tal fjildenSportpark De Langeleegte
👁 Teamkleuren
👁 Teamkleuren
👁 Teamkleuren
👁 Teamkleuren
👁 Teamkleuren
Thúskleuren
👁 Teamkleuren
👁 Teamkleuren
👁 Teamkleuren
👁 Teamkleuren
👁 Teamkleuren
Utkleuren

SC Veendam (Sportklup Feandam) wie in Nederlânske fuotbalklup út it Grinzer plak Feandam. De rivaal fan Veendam wie jierrenlang FC Grins, letter waard dit FC Emmen. Amateurklup VV Veendam 1894 dêr't SC Veendam yn 1974 út fuortkaam bestiet noch al.

Op 4 septimber 1894 waard de amateurklup oprjochte ûnder de namme Look Out. In jier letter kaam de Feandammer klup Vitesse ta oant Look Out. Yn 1909 waard de namme feroare yn PJ Veendam (nei Prinses Juliana), wêrfan't de letters PJ in jier letter fuortfoelen. Yn 1919 waard fusearre mei de lokale konkurrint Jupiter. Yn 1954 begûn Veendam oan it grutte aventoer: it betelle fuotbal. Op 22 maaie 1974 gie de profesjonele tak fan de klup syn eigen wei as Sportklup Veendam, wat letter yn Betaald Voetbal Veendam feroare waard. Yn 2011 waard de namme fan BV Veendam werom wizige nei SC Veendam. De reden hjirfoar wie dat de namme mei BV (betelle fuotbal) tefolle op in bedriuw like.

Yn it seizoen 2009/10 kaam Veendam finansjeel yn swier waar telâne, nei it fuortfallen fan ien fan de wichtichste sponsors. Neffens in rekonstruksje út 2014, wie de klup jierrenlang mei op fuotten hâlden mei swart jild.[1] Nei de dea fan de gulle jouwer krige de klup problemen mei it rûn krijen fan de begrutting en it beteljen fan de salarissen. Op 12 maaie 2010 spruts de rjochtbank yn Grins it fallisemint fan de klup út, Op 4 juny 2010 spruts it gerjochtshôf út dat it fonnis ferneatige waard. Op moandei 25 maart 2013 hat de rjochtbank Noard-Nederlân yn Grins op'e nij it fallisemint fan de klup útsprutsen. Op tiisdei 2 april waard bekend dat SC Veendam net tsjin it fallisemint yn berop gean soe, wêrtroch't de klup ophold te bestean as betelle fuotbalorganisaasje.

It tenu fan SC Veendam bestie út in giel shirt mei in swarte "V" dy't referearret oan har romrofte jierren fyftich fan de 20e iuw en in swarte broek. De klup spile har thúswedstriden oan De Langeleegte. It stadion stiet der hjoed de dei noch altyd en hjit sûnt 2018 Henk Nienhuis stadion nei in earder spiler fan SC Veendam.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL