| Teisterbant | |
|---|---|
| 0843–1026 | |
| flagge | wapen |
| 👁 Nog geen vlag |
👁 Nog geen wapen |
| polityk | |
| haadstêd | |
| offisjele taal | Aldnederfrankysk |
| steatsfoarm | Greefskip |
| ûntstien út | Frankyske Ryk |
| opgien yn | 👁 Image Stift Utert 👁 Image Greefskip Gelre 👁 Image Greefskip Kleef 👁 Image Lân fan Altena 👁 Image Frije Hearlikheid Buren |
| no diel fan | 👁 Image Nederlân |
| sifers | |
Teisterbant wie yn de Midsiuwen in goa of greefskip yn it Rivieregebiet. It gebiet fan om Flaardingen hinne oant Tiel, begrinzge troch de rivieren Lek, Maas, Waal en Hollânske Isel. De hjoeddeistige Neder-Betuwe wie dêr part fan, mar ek plakken as Fianen, Aalburch, Culemborg, Batenburch, en Malsen (nei alle gedachten ek Geldermalsen). Tiel wie de haadstêd fan it gebiet.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Teisterbant komt mooglik út it Keltysk en betsjut sossawat as "rjochts lein" (te ferlykjen mei it Latynske dexter - "rjochts"). It soe dan foar Swifterbant ("lofts lein") oer lizze. It we al in bekend gebiet yn de 8e iuw.[1] Fan 843, by it Ferdrach fan Ferdun, oant it ferstjerren fan Lotarius II yn 869 hearde Teisterbant ûnder it Keninkryk Loataringen. Dêrnei kaam it yn 870 by it Ferdrach fan Meerssen oan Lotarius syn omke Loadewyk de Dútser, kening fan East-Frânsje.
Greve Gerulf fan West-Frisia krige as beleaning fan syn rol by it ferdriuwen fan de Noarmannen fan de Eastfrankyske kening Arnulf fan karintje op 4 augustus 889 in tal guod yn Teisterbant yn folslein eigendom. It gie om in tal pleatsen en huzen yn ûnder oaren Tiel, Aalburch en Asch. Gerulf hie twa soannen< Waltger en Durk. Durk waard de stamheit fan de lettere greven fan Hollân, Waltger waard yn 898-928 neamd as greve fan Teisterbant.[2] Hy waard opfolge troch syn soan Redbad, mooglik ek "Poppo" neamd.
Oan 'e ein fan de 10e iuw kaam it gebiet yn besit fan greve Ansfryd fan Hoei. Om 985 hinne ferparte er syn besit en libje yn in kleaster. Yn 994 waard er ta biskop fan Utert keazen. Op 11 april 999 skonk keizer Otto III it keningsgoed dat "Poppo, soan fan Wedigeri" yn Teisterbant yn lien hie oan de tsjerke fan Utert.[3] De titel "greve fan Teisterbant" gie nei Ansfryd syn neef Hunerik, moogik heit fan Herman fan Malsen, de stamheit fan de hearen fan Cuijk.
Nei de dea fan Hunerik gie it greefskip nei alle gedachten nei Diderik fan Hamalân. Doe't dy yn 1017 ferstoar, naam syn styfheit Balderik de macht oer. Balderik moast him yn 1018 op de Ryksdei yn Nimwegen ferantwurdzje en ferlear dêrnei al syn guod en amten.
As beleaning foar syn stipe yn 'e striid tsjin Balderik krige de biskop fan utert Adelbold II yn 1026 de greeflike rjochten fan Teisterbant. Hoewol't it bisdom al earder lytsere wrâldlik besit bemachtige, foarme dat ûnder oaren it grûnwurk foar it prinsbisdom of Stift Utert. Dielen waarden yn lien útjûn oan de greefskippen Kleef en Gelre en in tal frije hearlikheden. Lang om let rekke it bisdom dêr de sûvereiniteit kwyt en Teisterbant ferdwûn fan 'e kaart.
Letter waard it gebiet in striidpunt tusken de hartochdommen Brabân en Gelre
Boarnen, noaten en referinsjes
[boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
