| Jacob Lous | ||
| 👁 Image keunstner | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | 👁 Image Nederlânsk | |
| berne | net bekend | |
| stoarn | 1617 | |
| stjerplak | Harns | |
| offisjele webside | ||
| RKD-profyl | ||
Jacob Lous, ek Jacobus Laurentius (? - Harns, 1617) wie mitseler, stienbyldhouwer, boumaster en kaarttekener yn de noardlike Nederlannen.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jacob Lous wie in soan fan Lou Ripperts, hardsteenhouwer en stedsmitseler yn Harns. De famylje wie katolyk en nei alle gedachten ôfkomstich út Dútslân: ferskate neisieten fan Lou Ripperts, ûnder wa bern fan Jacob Lous, fierden de namme Forssenburg (letter Vossenberg). [1]
Lous wie as boumaster sa goed as wis ferantwurdlik foar de bou fan it stedhûs fan Harns en de Harnzer stedspoarten: Tsjerkepoarte (1597), Frjentsjerterpoarte (1608), Suderpoarte, Bildtpoarte en de Frjentsjerter piip (wetterpoarte). [2] De poarten waarden yn de 19e iuw sloopt.
Om 1610 hinne makke er op fersyk fan it Harnzer stedsbestjoer in plattegrûn yn fûgelflechtperspektyf van de havenstêd.[3]
Lous ferboude de 16e-iuwske Mockema-Blauhússtins yn Dokkum ta stedhûs (1607-1610). It stedhûs is dêrnei ferboud en útwreide, wat rest fan syn wurk is it byld fan Frouwe Justitia (1610) op it fronton.
[4]
Lous wurke yn de styl fan it Flaamsk maniërisme.[2] Der binne ferskate troch him ryk fersierde grêfstiennen bewarre bleaun, dy't er makke foar de Fryske upper-class. [5][6] Foarbylden dêrfan binne de twa sarken foar de famylje Van Heemstra yn de Sint-Laurentiustsjerke yn Kimswert, wêrby't er foar de stien fan Taecke fan Heemstra en syn frou Jeltsje fan Bonga tolve famyljewapens hakke en op de oare yn de ûnderste helte in paleistún mei pyldergalery yn perspektyf ôfbylde, mooglik mei sicht op de eardere Heemstra State. [7]
Jacob Lous ferstoar yn 1617 en waard beïerdige yn de Grutte Tsjerke fan Harns. Neist de preekstoel leit in grêfstien mei in byldhouwurk dat oan him taskreaun wurdt; it ferbyldet in man mei in jakobsstêf, it mjitynstrumint fan boumasters. It is net wis oft er wier op dit plak begroeven leit. [8]
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jacob Lous fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en referinsjes
[boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
