| Kimswert | ||
| 👁 Harnzer Feart yn Kimswert | ||
| Harnzer Feart yn Kimswert | ||
| Emblemen | ||
| 👁 Image 👁 Image | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | 👁 Image Nederlân | |
| provinsje | 👁 Image Fryslân | |
| gemeente | 👁 Image Súdwest-Fryslân | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 550 (1 jannewaris 2023)[1] | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8821 | |
| Netnûmer | 0517 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 8' 25" NB, 5° 26' 8" EL | |
| 👁 Himrik fan Kimswert yn de eardere gemeente Wûnseradiel | ||
| Himrik fan Kimswert yn de eardere gemeente Wûnseradiel | ||
| Offisjele webside | ||
| Side Kimswert | ||
| Kaart | ||
Kimswert is in Frysk doarp besuden Harns, yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. It doarp hat in beskerme doarpsgesicht en hat 550 ynwenners (1 jannewaris2023).
Under Kimswert falle ek de buorskippen Dyksterbuorren en Kluerda.
Wapen en flagge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wapen en flagge binne giel en blau en komme fan 'e kleuren fan 'e Heemstra's dy't east fan it doarp in state hiene. Yn it wapen stiet ek it grutte swurd fan Grutte Pier, de meast ferneamde histoaryske ynwenner fan Kimswert.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kimswert waard foar it earst neamd as Kemmerswerth yn 1275. Yn 1400 komt Kemswert foar en yn 1510 Kymsuard. 16e iuwske kaarten neame Kymswert, wylst de Fryske fariant Kymsert wie. Ynn'e 17e iuw waard it Kimswert en de 18e iuw Kimswerd.
It twadde part fan 'e namme betsjut "opwurpen hichte" en it earste part nei alle gedachten in manljusnamme dêr't de kearnbetsjutting "kamp" of "striid" west hat.
Kimswert wie it doarp fan de ferneamde Grutte Pier. Hy moat om 1480 hinne berne wêze en waard frijheidsstrider fan Fryslân. Hy hat him benammen fersetten tsjin it gesach fan 'e Saksen en de Hollanners "fan oer de Sudersee". Der stiet yn Kimswert in byld fan him, makke troch Anne Woudwijk.[2]
Nei de Twadde Wrâldkriich wreide it doarp him oan 'e súdkant út. Oant de gemeentlike weryndieling fan 2011 lei sûnt minskewitten Kimswert yn 'e gemeente Wûnseradiel.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sint-Laurentiustsjerke stiet op in terp. It âldste diel fan de tsjerke is fan likernôch 1050.
It romaanske dowestiennen skip is noch fan de 11e iuw. It koar waard der yn de twadde helte fan de 13e iuw by boud. Boppe de yngong fan de noardkant sit in yn reade sânstien útfierde timpaan (12e iuw of 13e iuw), makke fan in sarkofaachdeksel en fersierd mei in manljuskop mei útrinnersmotyf.
De tsjerke hat letter ferskate feroarings ûndergien, lykas de beklamping fan de súdgevel. De dowestiennen toer ferriisde yn de 12e iuw en waard yn 1516 yn bakstien ferhege. Yn de toer hinget in troch Geert van Wou getten klok (1515).
It ynterieur wurdt dutsen troch in houten tonferwulft.
Ynterieur en ynventaris binne yn 1695 yn opdracht fan Tjaerd fan Aylva yn let-maniëristyske styl fernijd. Dêr hearre de betimmerings, de koarôfskieding, de preekstoel mei sniene bibelske tafrielen tusken tordearre kolommen, it doopstek, de tsjerkebanken mei snienen wangstikken en in ferdekte hearebank mei de wapens fan de famyljes Tijara en Heemstra by.
Fierders hat de tsjerke in troch Jacob Lous byldhoude sark (1614) op it grêf fan de famylje Heemstra en in troch W. Hardorff boud oargel (1858).
Tn 2010 binne it tonferwulft, de flierdielen, it meubilêr, de muorren en de kezynen restaureare.
De tsjerke wurdt beheard troch de Stichting Laurentiuskerk.
Oare bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de Dyksterbuorren stiet mûne De Iendracht.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ien fan de groepen fan Doarpsbelang hâldt him dwaande mei it doarpshûs dat, mank mei de skoalle, yn it MFS "Pierstee" stiet. It doarpskrantsje hjit De Mienskip. Der binne gjin winkels mar wol in skoalle. De Moudekrûpers is it pjutteboartersplak.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Greate Pier fan Wûnseradiel - reuzegilde, yn novimber 2015 opheft.
- Kimswert Delight - sjongen
- Folksdûnsgroep Kimswert
- Onderling Genoegen - hearesoos
- Senioareklub
- De Stipe - bern
- De Helfrichs - keatsen
- De Keuvelaars - frouljusbiljerten
- OKK - muzyk
- Piere Pôle - boarterstúnferiening
- Fûgelwacht
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2015 | 2025 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 665 | 587 | 558 | 526 | 545 | 607 | 590[3] | 530[3] |
Berne yn Kimswert
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pier Gerlofs Donia, boer, Fryske frijheidstrider
- Grytsje Kingma, sjongster
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten yn Kimswert.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân
- Fryske doarpen
- Papeleantsje, in histoarysk paad yn 'e neite fan Kimswert
Boarnen, noaten en referinsjes
[boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
