VOOZH about

URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Hartwert

⇱ Hartwert - Wikipedy


Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Hartwert
👁 Oegekleastermûne yn Hartwert
Oegekleastermûne yn Hartwert
Emblemen
👁 Image
👁 Image
Bestjoer
Lân👁 Image
Nederlân
provinsje👁 Image
Fryslân
gemeente👁 Image
Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal110 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak5,4 km² (5,34 km² lân, 0,06 km² wetter)
Befolkingsticht.21 ynw. /km²
Oar
Postkoade8741
Netnûmer0515
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 4' NB, 5° 34' EL
👁 Printkaart fan Hartwert
Printkaart fan Hartwert
👁 Klokhûs Hartwert
Klokhûs Hartwert
Offisjele webside
www.hartwerd.com
Kaart
Kaart
👁 Oegekleastermûne yn Hartwert
Himrik fan Hartwert (grien) yn de eardere gemeente Wûnseradiel

Hartwert is in terpdoarp fan de gemeente Súdwest-Fryslân, east fan Boalsert. It doarp hat 110 ynwenners (1 jannewaris2023).

Under it doarp falt de buorskip Blomkamp.

Der moat al yn it begjin fan de jiertelling bewenning west hawwe yn de omkriten neffens fynsten út de njoggentjinde iuw. It doarp waard yn 1275 foar it earst neamd as Hertwarth. Yn 'e rin fan 'e iuwen komme farianten lykas Hertwerd (t) en Hertwarth it meast foar. De Fryske fariant oan 'e ein fan 'e 16e iuw wie Hertirt.

It twadde part fan 'e namme _wert ferwiist nei de terp, wylst it earste part it bywurd herth (hurd/hûs) wêze kin. Mar it is mear mooglik dat in persoansnamme as "Hart(man)", mei de kearnbetsjutting "krêftige, stevige man", nei de namme fan it doarp ferwiist.

Oant 2011 lei Hartwert yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

It doarp lei tusken twa kleasters yn: Oegekleaster oan de Boalserter kant en it folle gruttere Blomkamp (1191) net sa fier fan de Middelseedyk. Oant 1332 waarden hjir de lândagen fan Westergoa hâlden. Yn Blomkamp waard yn 1535 in opstân fan 300 werdopers bloedich delslein yn it Belis fan Aldekleaster. Beide kleasters waarden yn 1572 troch de geuzen yn 'e brân stutsen. Yn it wapen fan Hartwert is oer de skiednis in soad werom te sjen: It sulveren krús ferwiist nei it kleaster Blomkamp. It reade hert om't dêr yn de Midsiuwen it hert fan Westergoa sloech: Hjir kamen de ôffurdigen gear út it goa. De leeljes komme út it wapen fan de sistersjenzer kleasteroarder dy't lang mei it doarp ferbûn wie.

Blomkamp waard ek Aldekleaster (Oldeclooster) neamd. Dat kleaster waard yn 1535 beset troch in groep anabaptisten dy't it weromkommen fan Kristus ferwachten. It leger ûnder lieding fan steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch oermastere it kleaster, wêrby't ûngefear 100 deaden foelen oan beide kanten. Letter waarden yn maart 1535 100 anabaptisten ophongen, ûnthalze of fersûpt yn opdracht fan de steedhâlder fan Fryslân. Dat wurdt troch guon de 'grutste moard op protestanten fan Fryslân' neamd.

Op it plak dêr't oant 1771 in tsjerke stien hat, stiet no in betimmere klokhûs út it twadde fearn fan de 19e iuw. De tsjerke waard yn 'e midsiuwen boud, nei 1185 en hearde ta it Kleaster Blomkamp. Yn 1580, nei de Reformaasje, gie de tsjerke oer nei de protestanten. Yn 1743 waard de tsjerke restaurearre. Krapoan 30 jier letter waard de tsjerke ôfbrutsen. Mooglik omreden de hege kosten foar de lytse mienskip, want nei de Reformaasje wie it rike kleaster dêr net mear en ûnderhâld de tsjerke. Yn 1807 waard de sealdaktoer ôfbrutsen. Parten fan de toer waarden letter brûkt foar de bou fan it klokhûs, dat der hjoed-de-dei stier.

In pear hûndert meter súdwest fan it doarp stiet de Oegekleastermûne, in spinnekopmûne dy't foar 1930 boud waard. By buorskip Blomkamp stiet de Amerikaanske wynmotor wynmotor Hartwert.

Oan de Kleasterwei stiet doarpshûs It Terphûs, dat ûnder behear is fan it doarpsbelang.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
19541959196419691974200420132025
204211205183174150135[2]110[2]

Kleasterwei, Middelseedyk, Oldeclooster, Ridderdyk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tabel: Befolking; moannesifers de gemeente en oaree regionale yndieling, 1 jannewaris 2023, Sintraal Buro foar de Statistyk, Foarburch/Hearlen
  2. 1 2 Alle Cijfers

👁 Wikimedia Commons
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hartwert fan Wikimedia Commons.
👁 Image
Súdwest-Fryslân 👁 Image
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesyl't NoardOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)'t SouSpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
👁 Image
· 👁 Image
· 👁 Berjocht bewurkje