VOOZH about

URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/De_Wearen

⇱ De Wearen - Wikipedy


Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
De Wearen
Bestjoer
Gemeente👁 Image
Súdwest-Fryslân
Himrik👁 Image
Wûns
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 4' N 5° 25' E
Kaart

De Wearen is in buorskip en gebietsnamme súdlik fan Wûns, dêr't er offisjeel ûnder falt en eastlik fan Makkum yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn 'e buorskip is it sirkwy fan Autocrossklub Makkum en minykamping De Weeren.

De namme komt yn 1379 foar it earst foar as Werem, yn 1431 as fjildnamme Weerem en yn 1543 as gebietsnamme Wonsera wieren. Yn 1546 wurdt der fan Andla goet in die Wieren sprutsen, en yn itselde jier komt Werren foar.

Op resinte kaarten wurdt mei De Weeren in grut gebiet súdlik fan Wûns, de polder De Wearen oantsjut. De Wearsterwei rint troch it gebiet hinne. De nammen komme fan in fersprate delsetting dy't op 'e kaart fan 1853 "De Weeren" neamd wurdt. Eekhoff (1854) neamde de Wonser Weren en ek de namme Weerstertille, nei de tille oer It Nau hinne.

Mooglik is de namme in ferwizing nei in nustje wieren (terpen) oan It Nau, want it elemint "wear" yn 'e namme is nei alle gedachten besibbe oan it wurdt "wier". Yn it gebiet, súdlik fan Skraard, leit ek it plak Wonserweerstal, dy't hjoed-de-dei noch op topografyske kaarten ferskynt, waard yn 'e iepen loft rjochtsprutsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
👁 Image
Súdwest-Fryslân 👁 Image
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesyl't NoardOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)'t SouSpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
👁 Image
· 👁 Image
· 👁 Berjocht bewurkje