VOOZH about

URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Surch

⇱ Surch - Wikipedy


Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Surch
👁 Utsjoch op Surch fan de Waadseedyk ôf
Utsjoch op Surch fan de Waadseedyk ôf
Emblemen
👁 Image
👁 Image
Bestjoer
Lân👁 Image
Nederlân
provinsje👁 Image
Fryslân
gemeente👁 Image
Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal185 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak0,4 km² (0,39 km² lân, 0,01 km² wetter)
Befolkingsticht.346 ynw. /km²
Oar
FerkearsierenA7 A31
Postkoade8751
Netnûmer0517
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 6' 43" NB, 5° 23' 38" EL
👁 Tsjerke fan Surch
Tsjerke fan Surch
👁 Kaart fan it doarp
Kaart fan it doarp
Offisjele webside
Side Surch
Kaart
Kaart
👁 Utsjoch op Surch fan de Waadseedyk ôf
Himrik fan Surch (grien) yn 'e eardere gemeente Wûnseradiel

Surch (Nederlânsk en offisjeel: Zurich) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, oan de Waadseeseedyk tusken Harns en de Ofslútdyk. It leit wat benoarden fan it plak dêr't de Ofslútdyk de Fryske kust berikt. Troch de bou fan de Ofslútdyk wie der fan 1922 oant 1932 in soad te rêden yn it doarp.

It doarp 185 ynwenners 1 jannewaris2023.

Surch leit ynklamme tusken Rykswei 31 en de Waadseedyk. De buorskip Ald Mar leit eastlik fan it doarp oan de oare kant fan de N31. It wie eartiids it ferlingde fan de doarpskom, mar waard dêrfan skaat doe't de Rykswei oanlein waard. Ek in part fan de buorskip Goaium falt ûnder Surch, allyk de eardere buorskip Ottebuorren, dy't hjoed-de-dei ek wol ta Goaium rekkene wurdt. Justjes súdlik fan it doarp is de Kop fan Ofslútdyk dêr't it knooppunt Surch op leit.

De namme Surch is nei alle gedachten ôflaat fan Suderinghe dat súdhoeke betsjutte soe. It ûntstie op de súdlike ouwer fan de De Marne (wetter).

Yn 1352 komt it doarp foar as Zuderinghe, yn 1353 wurdt it Zudrineghe stavere, wylst yn 1399 Zueringen neamd wurdt. Yn 1458 is de fariant Suringhe en yn 1482 komt foar it earst Surich foar. De lêste dat it efterheaksel -ingen foarkomt is Suringen yn 1503. Fan de ein fan de 15e iuw wurdt hieltyd faker Suerich of Suyrich stavere. De Fryske fariant oan 'e ein fan 'e 16e iuw is Swrich. Yn 'e 19e iuw komme de staverings Surich en Zurich alletwa foar. Ek komt Zurig foar.

De Nederlânske namme Zurich liket sterk op Zürich, de Dútske namme fan de grutste stêd fan Switserlân. Dêr krijt it doarp in soad besikers troch, ek út dat lân. Tsjin it plan fan de doetiidske gemeente Wûnseradiel foar it ferfryskjen fan de namme yn it jier 2000 ûntstie yn it doarp dan ek in soad ferset, omreden dat se yn it doarp de assosiaasje mei it Switserske Zürich net weireitsje woene. It gemeentebestjoer loek dêrnei it foarstel wer yn.

It twadde part fan 'e namme is Frysk ich foar "ouwer" of "hoeke" en it earste is súd foar de wynrjochting.[2]

Surch wie eartiids in terpdoarp, dêr't de bebouwing him om 'e tsjerke ûntjoech. Troch de jierren hinne is de kearn ûndúdlik wurden, om't it doarp yn 'e ferdrukking kaam te sitten efter in twatal diken dêr't bebouwing by del fertichte.

De Surger slieperdyk waard yn 1732 oanlein om't de seedyk fan de Surgeroardpolder tige oantaast rekke wie troch de pealwjirm. Willem Loré hie dêr it plan foar makke. Loré syn diken hawwe minder steile talúds dy't de wetterslach better brekke kinne as steile talúds. Tsjin de slieperdyk oan ûntjoech him de kompakte lintbebouwing oan de Caspar di Roblesdyk.

Yn de snuorje tusken 1922 en 1932, doe't de Ofslútdyk oanlein waard, krige it doarp te krijen mei in soad drokte. De dykwurklju wennen yn in doarp fan barakken en sochten jûns wille yn hotel De Steenen Man dêr't it somtiden wolris rûch om ta gie. It barakkedoarp is ûnderwilens ferdwûn, mar it hotel is noch hieltyd in ikoan yn 'e bebouwing. Neikriichske doarpsútwreiding wie der oan 'e súdeastkant fan it doarp. Surch hat ek in molkfabryk hân.

Foar de gemeentlike weryndieling fan 2011 lei Surch yn de gemeente Wûnseradiel.

Yn 1998 waard it doarp troch in fersekeringsmaatskippij, dy't ek Zurich hjit, in nij gebou foar it keatsfjild tasein. Mar nei't it plan yntsjinne wie, klaude it bedriuw werom. It soe allegear in misferstân west ha.

It tsjerke (mei sealdaktoer) fan Surch waard yn 1772 ôfbrutsen, mar de toer bleau stean troch syn funksje as beaken foar de skipfeart. In lytse hûndert jier letter waard der in nije tsjerke tsjinoan boud.

Surch hat in eigen feriening foar Doarpsbelang. Fierder is der begraffenisferiening Buurteplicht, in frouljusferiening, iisferiening en in feestkommisje. It doarpshûs It String stiet oan de Caspar de Roblesdyk. It doarp hat ek syn eigen doarpsliet "Boerinne fan Surch".

Sport en rekreaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch it plak rint ek de Jeropeeske Kuierrûte E9, ek wol North Sea Trail neamd. De E9 rint by de kust lâns fan Portegal nei de Baltyske steaten.

De keatsferiening, K.V. Zurich hat syn fjild oan de Suderigge. Fierder hat it doarp in biljertferiening.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
183019541959196419691974200420112025
152354315282228196160168158[3]

Op 1 jannewaris 1830 hie it doarp 152 ynwenners. Troch de oanlis fan de Ofslútdyk naam it ynwennertal ta, en yn 1958 wennen der 340 minsken. Sûnt de wei nei de Ofslútdyk net mear troch it doarp rint, is it ynwennertal wat ôfnomd. In basisskoalle dy't yn 1986 boud waard, moast tsien jier letter sluten wurde troch te min bern.

Stoarn yn Surch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ald Mar, Fabryksstrjitte, Fiadukt, Goaiumerwei, It Leech, Ottenbuortsterleane, Caspar de Roblesdyk, Skoallestrjitte, Stienleane, Suderigge, Tsjerkestrjitte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Tabel: Befolking; moannesifers de gemeente en oaree regionale yndieling, 1 jannewaris 2023, Sintraal Buro foar de Statistyk, Foarburch/Hearlen
  2. (ned) Karel F. Gildemacher,Friese Plaatsnamen: Alle steden, dorpen en gehuchten.etymoliebank.nl(2007).
  3. Alle Cijfers
👁 Image
Súdwest-Fryslân 👁 Image
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesyl't NoardOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)'t SouSpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
👁 Image
· 👁 Image
· 👁 Berjocht bewurkje