| Atsebuorren | ||
| 👁 Atsebuorren | ||
| Atsebuorren | ||
| Bestjoer | ||
| gemeente | 👁 Image Súdwest-Fryslân | |
| himrik | 👁 Image Hieslum | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8762 | |
| Netnûmer | 0515 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 01' NB, 5° 30' EL | |
| Kaart | ||
Atsebuorren is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Atsebuorren leit súdeastlik fan Parregea en noardeastlik fan Hieslum yn 'e himrik fan Hieslum. De buorskip leit oan de Atsebuorrenwei en bestiet út in trijetal pleatsen. Op in stik lân njonken de middelste pleats leit in lyts fleanfjild. Dat is fan de modelfleanklub RMVC 'The Eagles'.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme wurdt ek oantroffen as Atebuyren, Atsebuiren en Atseburen of Atzeburen. Op in kaart fan Eekhoff stiet Atsebuurster zijl. De namme komt fan 'e persoansnamme Atse of Ate, mei kearnbetsjutting "adel".
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en referinsjes
[boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
