| Jouswert | ||
| Bestjoer | ||
| Gemeente | 👁 Image Súdwest-Fryslân | |
| Himrik | Wolsum | |
| Oar | ||
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 2′ NB, 5° 32′ EL | |
| Kaart | ||
Jouswert is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân, foar 2011 Wymbritseradiel, en leit súdlik fan Wolsum.
Jouswert leit oan 'e Jouswerterdyk tusken Wolsum en Blauhús en bestiet út in tal huzen en pleatsen. Súdlik fan 'e buorskip rint de Blauhúster Opfeart en westlik leit de lytse buorskip Aaksens.
Jouswert komt yn 1511 foar as Jowswerd en Jouswird. De dyk dy't dêr nei hinne rûn hiet yn 1543 Jouserde laen. Yn 'e 18e iuw komt Jouwsert foar en Eekhoff (1851) neamde Jouwserd, wylst ek Jouwswerd foarkomt. De namme ferwiist nei de terp fan de persoansnamme Jou of Juw.
Boarnen, noaten en referinsjes
[boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
