| Haaium | ||
| Bestjoer | ||
| Gemeente | 👁 Image Súdwest-Fryslân | |
| Himrik | 👁 Image Wûns | |
| Oar | ||
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 6' N 5° 24' E | |
| Kaart | ||
Haaium is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Haaium leit yn de himrik fan Wûns. Haaium leit besuden de A7 yn de polder fan Koarnwert.
De namme komt ek foar as Hayum, Hayem, Haayum en Haijem. It Fersoargingsplak Hayum oan de A7 is nei de buorskip ferneamd.
De buorskip bestiet út twa pleatsen. De Hayumerleane rint troch de buorskip en rint dêrnei as Hayumerlaan yn de himrik fan Koarnwert by de buorskip Hiddum del nei Koarnwert ta.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard slim fochten by Haaium. De Dútsers brutsen op 11 maaie 1940 by de buorskip troch de Wûnsliny hinne, dêr't de Nederlânske ferdigening kazematten fan opwurpen grûn makke hiene. By de befrijing yn april 1945 lei haaium fannijs yn 'e fjoerliny, ditkear troch oplûkende Kanadezen út 'e rjochting fan Penjum wei. De pleatsen yn Haaium rekken skeind troch it kanonfjoer.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en referinsjes
[boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
