| Skraard | ||
| 👁 Tsjerke fan Skraard | ||
| Tsjerke fan Skraard | ||
| Emblemen | ||
| 👁 Image 👁 Image | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | 👁 Image Nederlân | |
| provinsje | 👁 Image Fryslân | |
| gemeente | 👁 Image Súdwest-Fryslân | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 150 (1 jannewaris 2023)[1] | |
| Oerflak | 3,12 km² (3,08 km² lân, 0,04 km² wetter) | |
| Befolkingsticht. | 49 ynw. /km² | |
| Oar | ||
| Ferkearsieren | A7 | |
| Postkoade | 8746 | |
| Netnûmer | 0517 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 5' NB, 5° 27' EL | |
| 👁 Brêge yn it doarp oer de Skraarder Feart | ||
| Brêge yn it doarp oer de Skraarder Feart | ||
| 👁 Yngong mei komboerd | ||
| Yngong mei komboerd | ||
| Offisjele webside | ||
| schraard.com | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| 👁 Tsjerke fan Skraard | ||
| Himrik fan Skraard (grien) yn 'e eardere gemeente Wûnseradiel | ||
Skraard is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, eastlik fan Wûns en súdlik fan de A7 fan Boalsert nei de Ofslútdyk. De Skraarder Feart rint fan noard nei súd slingerjend troch it doarp.
Skraard hat 150 ynwenners (1 jannewaris2023) en hat sûnt 1988 de status fan beskerme doarpsgesicht.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp wurdt foar it earst neamd yn 1275 as Scadawert of Scadawart. Yn 1404 wurdt Scaedauwerth neamd, yn 1478 Scaerd en yn 1496 Scraerd. Dy fariant is nei alle gedachten fuortkommen út Scherraerd dat yn deslde tekst foarkomt. Dat wie de earste fariant mei de "r" yn it earste part, alhoewol't yn 1379 der al fan Schradawert sprutsen wurdt. Neitiids komt Schraerrd of Schraert foar, wylst yn Fryske farianten fan Schard sprutsen wurdt. Fan de 18e iuw wurdt Schraard stavere. It twadde part fan 'e namme '-werth betsjut terp en it earste part kin ferbûn wurde mei it Aldfryske skade (skea) of skred (ôfsnien stik lân).
Terp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skraard is ûntstien op in terp op de súdlike ouwer fan de Marneslinke. It paad fan Wûns nei Boalsert rint oer de terp hinne. De terp hat in radiale struktuer dêr't de krún in hichte fan 2 meter boppe seenivo fan hat. Dochs de bebouwing hat dy struktuer net. De tsjerke stiet oan 'e súdwestlike râne fan 'e terp, dy't mei it koer nei de kearn fan it doarp kaam te stean.
De âldere bebouwing is benammen oan 'e eastkant fan 'e terp en oan oare kant fan de Skraarder Feart konsintrearre. De súdlike en eastlike râne fan 'e terp waarden it tichtst beboud, benammen it noardeasten, dêr't yn 1869 de grifformearde tsjerke op boud waard. Op 'e westlike terprâne waarden guon grutte pleatsen boud.
De terp waard in kompleks fan konsintrearre buertsjes en iepen kampkes.
Skraard wie yn de achttjinde en njoggentjinde iuw in sintrum foar handel yn hea.
Súdeastlik fan de tsjerke stie tusken 1860 en ûngefear 1950 in spinnekopmûne.
Oant 2011 lei Skraard yn de eardere gemeente Wûnseradiel.
Aylvastate
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch Aylvastate (Skraard) foar it haadartikel oer dit suzjet.
Oan 'e wei nei Wûns stie eartiids de Aylvastate.
Beafeartsoarde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e midsiuwen reizgen beafeartsgongers nei Skraard om der it hostywûnder te betinken. Hjoed-de-dei is gjin spoar mear fan de bliedende hosty werom te finen.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch Tsjerke fan Skraard foar it haadartikel oer dit suzjet.
De protestantske tsjerke wurdt yn 1270 foar it earst neamd en is yn 1954 restaurearre. Hjir spilet in ferhaal fan in hosty-wûnder, dat twa kear troch de paus erkend waard. Dit kaam trochdat de pastoar en de fikaris yn 1414 in bliedende hosty op it alter fûnen. Der kamen letter dan ek pylgers op beafeart op ôf. Minsken dy't in ôflaat krigen koenen boete dwaan troch dêr hinne te gean en in offer te bringen. De tsjerke datearret foar in grut part út de let romaanske perioade en is fan giele friezen boud, lykas de toer. Yn de tsjerke stiet meubilêr út de 17e iuw. De renêssânse kânsel, doopstek, lessener, jildtaffeltsje en nachtmielbanken foarmje in harmonieus gehiel. Moai houtfykwurk binne de sydwangen fan tsien tsjerkebanken fan ± 1565 mei ingels, duvels en meunsters.
De eardere grifformearde tsjerke wurdt hjoed-de-dei as wenhûs brûkt.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Feriening fan Doarpsbelang Skraard fertsjintwurdiget de belangen fan 'e ynwenners en brûkt it doarpshûs De Utwyk, dy't sûnt 1987 yn it eardere skoalgebou fêstige is. Doarpskrante Terpnijs ferskynt sûnt 1982 om 'e twa moanne.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Feestkommisje, dy't alle jierren it doaprpsfeest organisearret
- CMV Excelsior - muzyk
- Begraffenisferiening Gedenk te sterven, oprjochte yn 1903
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2025 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 301 | 251 | 244 | 234 | 181 | 180 | 180[2] | 145[2] |
Berne yn Skraard
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jenne Langhout (1848), Predikant
- Hotse Bartlema (1911), Roeier
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doarpsstrjitte, Easterleane, Skoalstrjitte, Smidstrjitte, Wûnserwei, Suderleane.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en referinsjes
[boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| 👁 Wikimedia Commons |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Skraard fan Wikimedia Commons. |
