VOOZH about

URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Korsika

⇱ Korsika - Wikipedy


Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Korsika
Corsica
Corse
👁 Image
Regio yn Frankryk
👁 Image
Symboalen
Bestjoer
haadplakAjaccio
departemintenSúd-Korsika (2A)
Heech-Korsika (2B)
arrondisseminten5
kantons26
gemeenten360
Sifers
ynwenners355.486 (2023)
oerflak8.722 km²
befolkingsticht.94 ynw./km²
Oar
ISO-koadeFR-20R
webside/www.isula.corsica
Kaart
👁 Image
Satellytfoto fan Korsika

Korsika (Frânsk: Corse, Korsikaansk: Corsica) is in eilân yn 'e Middellânske See, en in territoriale kollektiviteit fan Frankryk, it leit tusken Sardynje en Liguerje. It eilân hat in oerflak fan 8720 km² en foarmet bestjoerlik sûnt 1982 ien fan 'e regio's fan Frankryk. Der wenje goed 350.000 minsken, wêrfan’t 120.000 (2023) yn 'e twa grutste stêden wenje: Ajaccio en Bastia. It eilân is ien regio (haadstêd: Ajaccio) en der binne sûnt 1975 twa departeminten: Heech-Korsika of Opper-Korsika (Korsikaansk: Cismonte; prefektuer: Bastia), en Súd-Korsika (Korsikaansk: Pumonte; prefektuer: Ajaccio).

Der binne in soad bergen op it eilân (heechste punt: Monte Cinto, 2710 m) en it is net tichtbefolke. In wichtich skaaimerk fan it eilân is de maquis: rûch, krûdich strewel. It noardeasten fan it eilân is in nasjonaal park. Der binne in protte seldsume plantesoarten op it eilân.

Toeristyske plakken op Korsika binne it UNESCO erfgoed natoerreservaat Scandola, de Genueeske tuorren en brêgen, de bergen lykas de Col de Bavella en Monte Cinto, it âldheidkundich park Filitosa en in stikmannich stêden mei kastielen lykas Ajaccio, Bonifacio, Calvi, Porto-Vecchio en Corte. Fierders wurde der wrâldferneamde kuiertochten organisearre lykas de GR20 en de Mare e Monti. Der binne mear as 200 kampings fan alle kwaliteitsklassen. Der binne fakânsjeparken, apparteminten en hotels. Foar Korsika smyt de toeristyske sektor aardich wat op.

Oan it begjin fan 'e 18e iuw wie Korsika in part fan 'e Italjaanske stêdsteat Genua. De Korsikanen koene it om 1730 net rjocht lykfine mei it bewâld en it kaam ta in opskuor, yn 1735 waard troch de Consulta fan Corti (parlemint) besletten dat de Jongfaam Marije keninginne fan Korsika wurde soe. Luigi Giafferi, Ghjacintu Paoli en Andria Ceccald waarden as kapitein fan 'e naasje keazen. De abbekaat Costa sette útein mei it skriuwen fan in grûnwet.

Yn 1736 waard de Dútser Theodore von Neuhoff kening Tiadoru fan Korsika. Hy bleau lykwols mar acht moanne oan 'e macht. Genua woe Korsika lykwols hâlde. Ghjacintu Paoli besocht dêrom help te finen yn Europa, mar krige dy net. Hy libbe yn ballingskip yn Napels, en stoar yn 1756 yn Londen.

Yn 1755, nettsjinsteande de Frânske en Eastenrykske help, hie Genua inkeld mar sizzenskip oer de presidii: Bastia, San Fiurenzu, Calvi en Bonifacio. Dat jier waard Pasquale Paoli, soan fan Ghjacintu Paoli, freon fan Rousseau, James Boswell en Voltaire, keazen as kapitein fan 'e naasje. Hy makke in demokratyske grûnwet en waard ferneamd in hiel Jeropa: fan alle pieven waard der in fertsjinwurdiger keazen foar de Consulta. Dat parlemint keas dan de Kapitein fan 'e Naasje (Capu Ginarale di Statu). Corte waard de haadstêd. Paoli iepene ûnder oaren in universiteit, en liet syn eigen munt (a zecca) slaan. Korsika krige in flagge en folksliet: Dio Vi Salvi Regina.

Yn 'e maitiid fan 1768 ferkocht Genau it eilân oan Frankryk, de Frânsen komme op it eilân mar de Korsikaanske legers fan Paoli fersloegen de Frânsen (Slach by Borgo, 6 oktober 1768), mar yn 1769 waarden de Korsikanen ferslein. Sûnt dat jier is Korsika in part fan 'e Frânske steat: oant de Frânske Revolúsje bleau it in selsstannige provinsje fan Frankryk.

It Korsikaansk (corsu) is in Romaanske taal en wurdt noch troch in minderheid fan 'e befolking goed praat.[1] It is in fariaant fan it Toskaansk, dat in soad ynfloeden út it Frânsk wei hat, mar as streektaal wurdt it Korsikaansk erkend troch de Frânske oerheid. In dialekt dat der tige mei besibbe is, is it Gallura dat yn it noarden fan Sardynje praat wurdt. Troch de Frânsktalige ymport (benammen út Algerije) stiet de posysje fan it Korsikaansk ûnder druk. Muzykgroepen lykas de I Muvrini, noedzje en hoedzje de taal.

Korsika hat in Middellânske Seeklimaat mei drûge simmers en mylde wiete winters. De trochsneed temperatuer yn july is 29 graden wylst de temperatuer yn ‘e foarmoanne om 'e 14 graden is. Yn ‘t jier falt der oan 'e kust likernôch 600 mm rein en yn it binnenlân is dat 1200 mm. Yn it binnenlân leit der ûngefear 90 dagen yn ‘t jier snie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Frankryk 👁 Flagge fan Frankryk
regio's yn Jeropeesk Frankryk
Auvernje-Rône-Alpen| Boergonje-Franche-Comté| Bretanje| itGrutteEasten| Île-de-France| Korsika| Lân fan de Loire| Nij-Akwitaanje| Normandje| Oksitaanje| Opper-Frankryk| Provâns-Alpen-Côte d'Azur| Sintrum-Loiredelling
oerseeske regio's
Frânsk-Guyana| Gûadelûp| Majot| Martinyk| Reünion
histoaryske regio's
Akwitaanje| Auvernje| Boergonje| Bretanje| Elzas| Franche-Comté| Languedoc-Roussillon| Limousin| Loataringen| Midy-Pyreneeën| Neder-Normandje| Noarden-Nau fan Calais| Opper-Normandje| Pikardje| Poitou-Charentes| Rône-Alpen| Sjampanje-Ardinnen
👁 Image
· 👁 Image
· 👁 Berjocht bewurkje