VOOZH about

URL: https://fy.wikipedia.org/wiki/Utingeradiel

⇱ Utingeradiel - Wikipedy


Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Utingeradiel
👁 Image

it eardere gemeentehûs fan Utingeradiel, yn Akkrum.
flaggewapen
👁 Image
👁 Image

Wapen fan Utingeradiel
lokaasje
👁 Image
polityk
lân👁 Image
Nederlân
provinsje👁 Image
Fryslân
sifers en geografy
haadplakAkkrum
grutste plakAkkrum
ynwennertal5.364 (1981)
befolkingstichtens86,5 / km²
oerflak62,00 km²
tal doarpen6
skiednis
oprjochte1851
oant 1851👁 Image
Gritenij Utingeradiel
opheft1984
opgienyn👁 Image
Boarnsterhim
👁 Image
Skarsterlân
nopartfan👁 Image
De Fryske Marren
👁 Image
It Hearrenfean
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2

Utingeradiel (Nederlânsk en offisjeel Utingeradeel) is in eardere gemeente yn 'e midden fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1981 5.364 ynwenners,[1] en besloech in oerflak fan likernôch 62 km².[2]

👁 Kaart omtret1720.
Kaart omtret1720.

Utingeradiel ûntstie as gemeente yn 1851, doe't troch de ynfiering fan 'e Gemeentewet fan Thorbecke alle gritenijen omfoarme waarden ta gemeenten. It wie in fuortsetting fan 'e âlde Gritenij Utingeradiel, dy't tebek gie oant de fjirtjinde iuw. Utingeradiel hearde ta it kertier Sânwâlden.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 gie it grutste part fan Utingeradiel yn 'e mande mei Raerderhim en Idaerderadiel op yn 'e nije gemeente Boarnsterhim. De doarpen Eagmaryp en Terkaple kamen lykwols by in oare nije gemeente, Skarsterlân, dy't fierders fierhinne gearstald wie út 'e âlde gemeenten Haskerlân en Doanjewerstâl.

It haadplak fan Utingeradiel wie Akkrum, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Eagmaryp, Aldeboarn, Nes, Terherne en Terkaple.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 74.
  2. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 324.

👁 Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
AchtkarspelenIt AmelânDantumadielEaststellingwerfFlylânDe Fryske MarrenHarnsItHearrenfeanLjouwertNoardeast-FryslânOpsterlânSkiermûntseachSkylgeSmellingerlânSúdwest-FryslânTytsjerksteradielDe WaadhoekeWeststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier(1851–1934)• Baarderadiel(1851–1984)• Barradiel(1851–1984)• It Bilt(1851–2018)• Boalsert(1455–2011)• Boarnsterhim(1984–2014)• Doanjewerstâl(1851–1984)• Dokkum(1298–1984)• Dongeradiel(1984–2019)• Drylts(1268–1984)• East-Dongeradiel(1851–1984)• Ferwerderadiel(1851–2019)• Frjentsjer(1374–1984)• (âld)Frjentsjerteradiel(1851–1984)• (nij)Frjentsjerteradiel(1984–2018)• Gaasterlân(1851–1984)• Gaasterlân-Sleat(1984–2014)• Haskerlân(1851–1984)• Hylpen(1372–1984)• Himmelumer Aldefurd(1851–1984)• Hinnaarderadiel(1851–1984)• Idaerderadiel(1851–1984)• Kollumerlân(1851–2019)• Lemsterlân(1851–2014)• Littenseradiel(1984–2018)• Ljouwerteradiel(1851–2018)• Menameradiel(1851–2018)• Nijefurd(1984–2011)• Raerderhim(1851–1984)• Skarsterlân(1984–2014)• Skoatterlân(1851–1934)• Sleat(1426–1984)• Snits(1292–2011)• Starum(1061–1984)• Utingeradiel(1851–1984)• Warkum(1399–1984)• West-Dongeradiel(1851–1984)• (âld)Wymbritseradiel(1851–1984)• (nij)Wymbritseradiel(1984–2011)• Wûnseradiel(1851–1984)
👁 Image
· 👁 Image
· 👁 Berjocht bewurkje